Site Overlay

OPERAASJE KRYTGEDICHT Streekdichter fan Noardeast-Fryslân fan ’e sokken riden

Op 29 july hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn ’e mande mei de faam op ferskate plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân in saneamd krytgedicht oanbrocht. Mei Operaasje Krytgedicht hat er in gedicht skreaun dat gaadlik is foar op ’e fytspaden.

Tigchelaar syn doel is om minsken sa op in ûnferwachte en leechdrompelige wize yn kontakt komme te litten mei poëzy. It is foar de minsken dy’t der oerhinne fytse dan ek in folsleine ferrassing dat der ynienen in twatalich gedicht op ’e dyk stiet. Tigchelaar hopet dat lju op dy wize ûnderfine wat wurden dwaan kinne en sa faaks it gedicht in rol meispylje litte yn harren belibbing fan ’e omkriten.

Krekt bûten Dokkum kaam der lykwols hommels in ein oan Operaasje Krytgedicht mei’t de Streekdichter fan ’e sokken riden waard troch in appende fytser dy’t trochfytst is. Hy hat de karre rekke dêr’t er de attributen yn hie en wie sadanich skansearre dat er ’m nei in fytsmakker bringe moast. Tigchelaar trunet elkenien oan om fan ’t simmer op de fyts te stappen om net allinnich de poëzy op ’e diken fan Noardeast-Fryslân te ûntdekken, mar benammen de poëzy yn ’e greiden, de loften en de kime. As dêrby mar genôch om oare weibrûkers tocht wurdt.

Foto: Ydwine Scarse

Hjirûnder it twatalige gedicht sa’t dat op in pear plakken yn gemeente Noardeast-Fryslân oanbrocht is.

WURDEN SJITTE TEKOART

AST BESKRIUWE MOATST

WAT DIT HOEKJE FRYSLÂN

FOAR DY BETSJUT

IS IT GRIEN EN ROMTE

OF KEAL EN BLEAT

OARS LANG NET FERKEARD

AS IT ALTERNATYF

STIEN EN BETON IS

WOORDEN SCHIETEN TEKORT

ALS JE MOET BESCHRIJVEN

WAT DIT HOEKJE FRYSLÂN

VOOR JOU BETEKENT

IS HET GROEN EN RUIMTE

OF KAAL EN BLOOT

TOCH LANG NIET VERKEERD

ALS HET ALTERNATIEF

STEEN EN BETON IS

Copyright © 2023 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes