Site Overlay

Merkgedicht

Alle lêste woansdeis fan ’e moanne rin ik mei in sandwichboerd mei dêrop in gedicht op ‘e merk fan Dokkum, fandêr dat it projekt de namme ‘Merkgedicht’ hat.

De gedichten dy’t ik op it boerd haw, kinne fan mysels wêze, mar likegoed fan myn foargongers as fan oare dichters dy’t of op it stuit yn ’e gemeente wenje of dêr berne binne.

Foar mear omtinken foar de poëzy bring ik it sadwaande letterlik en figuerlik op ’e merk.

It projekt wurdt finansjeel mooglik makke troch Ljouwert Stêd fan Literatuer.

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes