Site Overlay

Klokkepoëzy

Op 10 septimber 2022 joech de Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, mei syn foargongers in poëzykonsert yn ’e binnenstêd fan Dokkum. De kariljonmuzyk waard fersoarge troch stedsbeierdier Auke de Boer.

Tigchelaar woe de ferbining lizze tusken syn foargongers, de eardere DongeraDichters en Streekdichters: Akke Brouwer, Bram Borstlap, Mark Spijkers, Tsead Bruinja en Jankobus Seunnenga. Hja hawwe it amt meifoarme ta wat it no is en krigen sa de kâns om yn dy hoedanichheid fannijs fan harren hearre te litten. It publyk koe sa ek op ’e nij mei harren en benammen mei harren poëzy yn ’e kunde komme. It optreden wie sadwaande in wjerslach fan 15 jier Streekdichterskip.

It bûnte selskip fan poëten waard muzikaal begelaat troch stedsbeierdier Auke de Boer, dy’t hieltiten tusken de dichters troch op it kariljon spile hat. De dichters stienen nammentlik op in rûnfeartboat en droegen om bar in gedicht foar op in oar punt oan it Dokkumer Djip. Hja setten útein by de Kettingbrêge, dan folgen it Hellinghûs, De Syl, Bontebrêge en as lêste de Witebrêge. It waard in net alledeisk en dus tige bysûnder poëzykonsert foar elkenien yn Dokkum.

Foto: Blik op Dokkum
Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes