Site Overlay

Oer my

Myn namme is Geart Tigchelaar (1987) en ik bin skriuwer, dichter, oersetter, korrektor, lêzer en begjinnend fotograaf. Op dizze webside wol ik dy eleminten kombinearje, fandêr de namme Wurdbyld.

Weromredenearjend is by Dichterskollektyf RIXT de basis lein foar Wurdbyld, mei’t ik dêr foto’s by de gedichten meitsje. Op dy wize ‘twing’ ik mysels om by elk gedicht nei wurd en byld te sjen.

Stúdzje

Oan de Ryksuniversiteit Grins haw ik Fryske Taal en Kultuer studearre (Bachelor en Master). Letter haw ik my teffens ferdjippe yn de Deenske taal.

Wurksumheden

Sûnt 2011 bin ik freelance oersetter en korrektor Frysk. Fierders bin ik redaksjelid fan Frysk literêr tydskrift Ensafh, bestjoerslid fan it Skriuwersboun en bin ik aktyf foar Dichterskollektyf RIXT as dichter en teffens wurksum dêrfoar foar audiofisueel en korreksje.

Under Wurk stiet in folslein oersjoch fan publikaasjes en prizen.

Oars

Neist skriuwen fyts ik ek graach lange tochten troch Europa. De lêste lange tocht wie yn 2019 nei de Balkan en werom mei de faam. Aventoeren dêrfan binne te lêzen op myn bloch gearttigchelaar.wordpress.com.

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes