Streekdichter fytst by alle 52 doarpen del
Op freed 2 july stapt Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn Dokkum op de fyts om yn 14 dagen troch alle 52 doarpen yn de gemeente te fytsen. Hy sil alle dagen sa’n trije oant fjouwer doarpen oandwaan om sa op 16 july wer yn Dokkum te einigjen.

Tigchelaar wol wylst in lang gedicht skriuwe dat de titel ‘Ballade fan Noardeast’ meikriget en hopet dêrby net allinnich ynspiraasje op te dwaan troch de tocht troch de lânsdouwe sels mar ek troch yn ’e kunde te kommen mei de ynwenners fan alle doarpen en de stêd Dokkum. De Streekdichter docht om dy reden ek de oprop oan elkenien om him op te sykjen wannear’t er yn jo doarp komt. It moat sadwaande in gedicht wurde oer de streek, dêr’t de titel fan it projekt weikomt. Tigchelaar hat in soarte fan flipover op syn fytskarke dêr’t elk wat opskriuwe kin dêr’t hy/sy fan fynt dat it yn it gedicht moat. Op Tigchelaar syn webstee, wurdbyld.com, stiet syn rûte en deiplenning, sadat minsken sjen kinne wannear’t er yn hokker doarp is.
It startskot foar de fytstocht wurdt jûn op 2 july om 10:00 oere foar de biblioteek fan Dokkum. Der sil dan ek in optreden fan de foarige Streekdichter, Jankobus Seunnenga, wêze.
Deiplenning

2 july | Dokkum Westergeast De Trieme Kollumersweach Sweagerbosk |
3 july | Feankleaster Aldwâld Kollum Lytsewâld |
4 july | Boerum Warfstermûne Mûntsjesyl De Pomp |
5 july | Ingwierrum Ie Eastrum Jouswier |
6 july | De Skâns Eanjum Moarre Ljussens |
7 july | Easternijtsjerk Peazens Moddergat Nes Wierum |
8 july | Ternaard Holwert Blije Hegebeintum |
9 july | rêstdei |
10 july | Ferwert Marrum Hallum Wânswert |
11 july | Burdaard Jannum Reitsum Ginnum |
12 july | Jislum Lichtaard Raard Waaksens |
13 july | Brantgum Foudgum Boarnwert De Lytse Jouwer |
14 july | Hantum Hantumhuzen Hantumerútbuorren |
15 july | Nijewier Mitselwier Wetsens Ealsum |
16 july | Dokkum |