Site Overlay

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân

Foto: Ydwine Scarse

Fan jannewaris 2021 oant jannewaris 2023 mei ik mysels Streekdichter fan Noardeast-Fryslân neame. Ik haw it stokje oerdroegen krigen fan Jankobus Seunnenga. It amt fan Streekdichter beklaai ik twa jier en hoopje yn dy twa jier in soad poëzy te skriuwen en de poëzy nei de minsken te bringen.

Om dy reden bin ik mei it projekt ‘Merkgedicht’ (sjoch by ‘Projekten’) úteinsetten. Alle lêste woansdeis fan ’e moanne rin ik mei in sandwichboerd mei dêrop in gedicht op ‘e merk fan Dokkum.

De gedichten dy’t ik skriuw wurde publisearre yn de Nieuwe Dockumer Courant. Op de webside fan Dichterskollektyf RIXT wurde filmkes dêrfan pleatst mei in Nederlânske oersetting troch Syds Wiersma. De gedichten en filmkes binne fansels op dizze webside werom te finen.

Lês fierder oer…

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes