Site Overlay

Twa besprekken yn ’e nijste Ensafh

Der binne gjin redenen genôch te betinken om nét in abonnemint op it Frysktalige, literêre tydskrift Ensafh te nimmen. Mar it nijste nûmer springt der foar my fier boppe-út, mei’t dêr fan sawol Ommers (troch Jelma Knol) as Om (troch Lomme Schokker) in besprek yn stiet. En de besprekken binne ek nochris posityf! En in part fan in besprek stiet op ‘t treflike omkaft (makke troch Jelle Post)! Mei oare wurden in boppeslach!

Keapje it boek. It is noch net syn magnum opus, mar dêr hat er noch mear as tritich jier de tiid foar.

Lomme Schokker yn Om en oer (Ensafh, nr. 4 2021)

Geart Tigchelaar is in subtile en geastige skriuwer. Mei Ommers set er boppedat in grutte stap foarút yn syn oeuvre.

Jelma Knol yn Geart Tigchelaar syn gedichten: fan brutsen aaidoppen nei swiete molke (Ensafh, nr. 4 2021)

Ik soe sizze, as jo noch net in abonnemint op Ensafh hawwe, nim der gau ien, dat kin hjir. En oars binne losse nûmers wol te krijen yn jo lokale boekhannel.

En fansels binne de beide besprutsen boeken by de auteur te besetten. Om foar € 19,50 en Ommers foar € 15,00.

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *

Copyright © 2021 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes