Site Overlay

FERSpraat

FERSpraat is in miny-podcast fan Geart Tigchelaar (Streekdichter fan Noardeast-Fryslân) dy’t mei syn twa gasten, Annet Lageveen en Bert de Vries (dêrfoar wienen it Anneke Hoogland en Bram Zeilman(, alle kearen elk in gedicht foarlêze en koart beprate.

Ien kear yn ’e moanne besprekke hja mei-inoar trije gedichten. Dat kin sawol in Nederlânsk- as in Frysktalich gedicht wêze. De bedoeling is om alle kearen in koart petearke te hawwen oer it oanbelangjende fers. Alles is stof ta FERSpraat!

De opnames binne yn Streekargyf Noardeast-Fryslân en wurde útstjoerd troch RTV NOF yn it programma Weekend Nieuwsshow.

Yn dizze earste ôflevering lêze hja in gedicht fan Tsead Bruinja, nammentlik ‘bêd’ út de bondel ‘Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers’ (Afûk, 2013).

Alle ôfleverings binne te beharkjen op RTV NOF.

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes