Site Overlay

Operaasje Tegelpoëzy

Yn ‘e simmer fan 2022 hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, yn alle doarpen fan de gemeente mei krytspray in gedicht oanbrocht. Yn totaal hat er tsien gedichten – sawol Frysk as Nederlânsk – yn de fytstas meinommen. De gedichten binne fjouwerrigelich en passe presys op in stoeptegel, fandêr de namme fan it projekt: Tegelpoëzy.

It idee is om op in ûnferwachte en leechdrompelige wize minsken yn kontakt komme te litten mei poëzy. Want wa seit dat poëzy dreech wêze moat en allinnich mar yn in boek te lêzen is?

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes