Site Overlay

Merkgedicht

Justermiddei wie ik wer te finen op ‘e Dokkumer merk. Ditkear mei in proazafragmint fan myn foargonger Dick van der Galiën. Ik stie no op ‘e piip, dêr’t it folle drokker wie as dêr’t ik ornaris stie. Mei oare wurden gauris in praatsje en ik seach dat minsken dy’t yn ‘e rige stienen by de fisk- en loempiakream de hollen draaiden om de tekst te lêzen.

En mei’t Dick sels der ek wie, koe ik mei him yn ‘e kunde komme. It foel kwa buien ek hûndert parten ta, dat it wie in tige slagge middei.

Foto: Sjoerd Hania

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes