Yn july 2022 hat Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, op ferskate plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân in saneamd krytgedicht oanbrocht. Mei Operaasje Krytgedicht hat er in gedicht skreaun dat gaadlik is foar op ’e fytspaden.
Tigchelaar syn doel is om minsken sa op in ûnferwachte en leechdrompelige wize yn kontakt komme te litten mei poëzy. It is foar de minsken dy’t der oerhinne fytse dan ek in folsleine ferrassing dat der ynienen in twatalich gedicht op ’e dyk stiet. Tigchelaar hopet dat lju op dy wize ûnderfine wat wurden dwaan kinne en sa faaks it gedicht in rol meispylje litte yn harren belibbing fan ’e omkriten.

Tigchelaar wie fan doel en bring op tal fan plakken it gedicht oan, mar dêr kaam nei in pear gedichten hommels in ein oan. Lês dêrfoar it nijsberjocht “Streekdichter fan Noardeast-Fryslân fan ’e sokken riden”