Fan ‘t wykein wie de fyfde ôflevering fan FERSpraat op RTV NOF te beharkjen. It wie de lêste mei Anneke Hoogland en Bram Zeilman. De kommende moanne hat Streekdichter, Geart Tigchelaar, twa nije gasten yn ‘e studio.
Mar harkje hjir earst nei de fyfde ôflevering, ditkear beprate hja ‘Voor Sem van acht, die woont achter de schuur waarin ik werk en die alleen bestaat in dit gedicht’ út Samen Al t’Hope (Poëziegeschenk 2021).