Op 31 maart stie ik wer op de Dokkumer merk. Ditkear mei ‘Fers 74’ fan Trinus Riemersma. Ik wie hartstikkene moai waar, dat ik hie ferwachte dat der mear minsken wêze soenen. Dat foel ta, mar ik hie wol mear oanspraak as de foargeande kearen. Dat kaam grif om’t moai waar in positive ynfloed hat op it gemoed fan minsken. Hooplik de oare kears mei in kollega-dichter derby!
