Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearret in poëtyske middei op sneintemiddei 23 oktober yn De Stikel yn Moarre om 15:00 oere.
In ryk ferskaat oan dichters passearje de revu. Sa drage gemeentedichter fan Smellingerlân Katherine van der Velde, âld-Dongeradichter Akke Brouwer, oanstoarmjend talint Eelke Veltman en Streekdichter NEF Geart Tigchelaar op harren hiel eigen wize en taal alle fjouwer foar. Muzikale omlisting wurdt fersoarge troch Feike van der Zee.
Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. Oanmelde kin fia ynfo@wurdbyld.com. De tagong is fergees.
Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten en poëzymiddeis.
