Site Overlay

Merkgedicht

Nei’t ik ien kear oerslein hie fan ‘t simmer, stie ik justermiddei wer mei in gedicht op ‘e merk yn Dokkum. Ditkear hie ik in fers fan Eppie Dam, yn it dialekt fan Kollumerpomp. It lokke oan mannichien in glim út, dat kin ek al net oars, want it is in pracht fan in fers!

Der wie sels immen dy’t tocht dat ik fanwegen it genderdebat dit fers mei sin keazen hie, dat wie lykwols net sa, want it wie sa al lang ôfpraten, mar sa sjogge je mar dat poëzy fan alle tiden is en tiidleas!

Foto: Sjoerd Hania
Copyright © 2023 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes