Juster stie ik wer op ‘e merk mei in gedicht. Ditkear in fers fan Mark Spijkers, dy’t sels ek efkes om ‘e hoeke seach. In soad reaksjes, mar om’t it gedicht skoan út ‘e rin wei te lêzen wie, bleaunen minsken nei myn idee minder gau stean. De útrop fan in bern: ‘Kijk mam, die meneer heeft een “letterpak” aan,’ wie in gouden reaksje. Fierders ferwissige in man my dat ék Jezus oan my tocht. Dochs ek wol wat skodholjen, mar ek in skouderklopke!
