Site Overlay

Merkgedicht

Op 24 febrewaris stie ik foar de twadde kear op ‘e merk yn Dokkum. Ditkear hie ik in gedicht fan ien fan myn foargongers, nammentlik Akke Brouwer, op it liif en rêch te hingjen. Har moaie gedicht ‘Noardeast-Fryslân‘ (yn oersetting fan Corry Boelens) joech wer de nedige petearstof.

Net allinnich nei oanlieding fan it gedicht, mar ek nei oanlieiding fan it boerd op himsels, om’t der tocht waard dat ik dêr tsjin de koroanamaatregels stie te demonstrearjen en in oare passant frege by hokfoar partij oft ik hearde. By Partij Poëzy! Mar dat fernimstige andert betocht ik my letter pas…

Op 31 maart tusken 12:00 en 14:00 oere bin ik wer op ‘e Dokkumer merk te finen, mei in nij gedicht!

Foto: Sjoerd Hania

Copyright © 2025 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes