Yn it ramt fan de Fryske Boekewike sil skriuwer en fytser Geart Tigchelaar fertelle oer syn boek Om, dat er sels beskôget as in psychologyske fytsroman. Ate is fan doel om mei de fyts nei de Noardkaap te fytsen om sa ôf te weven mei syn ferline, mar it komt dan dochs oars. Of net?
Tigchelaar hat dy reis sels ek makke, al wienen syn motiven oars. De skriuwerfytser of fytserskriuwer sil oan ’e hân fan byldmateriaal oer syn nije roman fertelle, en oer de tochten dy’t him foar Om ynspirearre hawwe.
Skriuwer, dichter, keunstner en muzikant Elmar Kuiper sil fertelle oer syn eigen aventoeren op de fyts, as hurdfytser fan LWV De Friesche Leeuw. Fierders sil hy wurk foarlêze dat ynspirearre is op Geart Tigchelaar syn psychologyske fytsroman.
Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
