
Sûnt juster mei ik mysels Streekdichter fan Noardeast-Fryslân neame. Ik haw it stokje oerdroegen krigen fan Jankobus Seunnenga. It amt fan Streekdichter beklaai ik twa jier en hoopje yn dy twa jier in soad poëzy te skriuwen en de poëzy nei de minsken te bringen. Om dy reden bin ik drekst mei it projekt ‘Merkgedicht’ úteinsetten. Alle lêste woansdeis fan ’e moanne rin ik mei in sandwichboerd mei dêrop in gedicht op ‘e merk fan Dokkum.
Takomstige gedichten en projekten binne fansels op dizze webside te finen.
RTV NOF hat in koart fideoferslach makke dat hjir te finen is.
De gedichten dy’t ik skriuw wurde publisearre yn de Nieuwe Dockumer Courant.
