Site Overlay

Twa gedichten yn twa kranten

Ferline wike woansdei binne twa gedichten yn twa ferskillende kranten ferskynd.

It fers ‘waalske fuery’ yn de Dokkumer Krante is skreaun nei oanlieding fan de Waalske Fuery dy’t yn septimber 1572 plakhân hat yn Dokkum. De Geuzen hienen in koarte oerwinning makke yn ‘e stêd, mar in pear dagen letter kamen Waalske hierlingen út namme fan ‘e Spaanske kening en hawwe slim húsmanne yn de stêd. Op 9 septimber 2022 is dat betocht mei in sympoasium en de ûntbleating fan in plakkette oer dat histoaryske barren.

It fers ‘held’ dat yn De Westereender stiet, is ynspirearre op de it plan om in stânbyld fan Jan Binnes út ‘e tiid fan it Kollumer Oproer te pleatsen yn Kollum. De iene sjocht ‘m as soarte fan fersetsman en de oar as misdiediger en ferkrêfter.

Copyright © 2023 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes