Site Overlay

Nij fers yn ’e Dokkumer

Op 9 septimber wie der yn ‘e Grutte Tsjerke yn Dokkum in sympoasium oer de Waalske Fuery, de wraakaksje fan de Spanjerts op de Geuzen yn Dokkum yn 1572. Mei’t it benammen Waalske hierlingen wienen dy’t dêr sa alderbalderst húsmanne hawwe, wurdt it de Waalske Fuery neamd. Dokkum wie nammers net de iennichste stêd dêr’t se sa tekeargien binne.

Ik mocht der in gedicht oer skriuwe dat Syds Wiersma (myn fêste meilêzer en oersetter) op 9 septimber foarlêzen hat, om’t ik dy deis spitigernôch net frijmeitsje koe.

Nieuwe Dockumer Courant, 14 septimber 2022
Copyright © 2023 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes