Site Overlay

Merkgedicht

Juster stie ik wer mei in soad nocht en wille op ‘e merk. It wie sa drok net as oars wol, mar de belangstelling wie der net minder om. In koart en humoristysk gedicht wurket it bêste foar dit doelein, safolle is my nei in jier wol dúdlik. Dit wie it gedicht ‘natoerman’ (eins ‘natoerminske’) dat ik skreaun haw nei oanlieding fan it tema (natoer) fan ‘e Poëzywike. Dit jier stean ik yn totaal wer 12 kear op ‘e merk!

Copyright © 2024 Wurdbyld. All Rights Reserved. | SimClick by Catch Themes